Ynstallaasje nije boargemaster

© Omrop Fryslân
Ella Schadd-De Boer is freed yn Grou ynstallearre as nije boargemaster fan Boarnsterhim. Se folget Ype Dijkstra op dy't no waarnimmend boargemaster yn de gemeente Zeewolde is.
By de ynstallaasje waard bot de klam lein op de Fryske identiteit fan Boarnsterhim en it gemeentebestjoer. Frou Schadd begûn en einige har tankwurd dan ek yn it Frysk. Frou Schadd wie foarhinne wethâlder fan Velp yn Gelderlân en advokate.