BAM bliuwt oan as haadsponsor

© awfoto.nl
Haadsponsor BAM hat him oant de Olympyske Spelen fan 2014 yn Sotsji ferbûn oan de reedrydploech fan trainer Jillert Anema. De ûnderhannelings hawwe in tal wiken duorre, mar úteinlik kamen alle partijen derút.
"Ik bin hjir tige wiis mei", sa lit Anema witte. "Wy kinne ús no folslein rjochtsje op it maraton- en langebaanriden." De ploech fan Anema bestiet út de riders Bob de Vries, Bob de Jong, Jorrit Bergsma en Arjan Stroetinga. Anema wol de groep noch útwreidzje mei trije of fjouwer riders.