Hotels foar handikapten

© Omrop Fryslân
Op de Waadeilannen komme spesjale hotels foar handikapten as it oan de e Stichting Waddenambities leit. It earste saneamde 'horizonhotel' komt op Skylge oan de Dellewal. It hotel moat 2008 iepengean. Nei Skylge moatte de oare Waadeilannen en de kustgemeenten folgje.
It giet om hotels mei normale foarsjennings. Wol sil der kontakt wêze mei de húsarts en de thússoarch om in goede soarch te bieden.