Nije direkteur skipfeartmuseum

© Omrop Fryslân
De 43-jierrige Meindert Seffinga út Heech wurdt de nije direkteur fan it Fries Scheepvaart Museum yn Snits. Hy folget direkteur Sytse ten Hoeve op, dy't yn septimber ophâldt.
Seffinga hat skiednis studeard oan de Ryksuniversiteit fan Grins. Hy hat yn it Ryksargyf yn Ljouwert wurke, foardat er yn 1988 nei it skipfeartmuseum gie. Hy wie dêr de lêste tiid al plakferfangend direkteur.