Johnson Controls ticht

16 apr 2005 - 08:53

It bedriuw Johnson Controls yn Ljouwert giet ticht. De direksje wol de produksje ferpleatse nei Meksiko. Sa'n hûndert wurknimmers ferlieze har baan.

It nijs oer de foarnommen sluting fan Johnson Controls is freed buorkundich makke troch it FNV. De direksje fan Johnson Controls hie it personiel freedtemoarn ynljochte oer de plannen. De fakbûnen binne tige teloarsteld troch de beslissing.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)