Rentex Floron wreidet út

© Omrop Fryslân
De waskerijen fan Rentex Floron yn Boalsert en it Hearrenfean profitearje fan it sluten fan de festiging yn Winschoten. Yn Winschoten wurkje 46 minsken. Nei de sluting moatte dy yn Fryslân oan de slach.
Rentex Floron hat 380 minsken yn tjinst. De waskerij fan De Blinde op it Hearrenfean is foar de helte fan Rentex Floron. Dêr wurkje 80 minsken. De kapasiteit fan beide festigingen giet fan 310 ton wask no, nei 500 ton.