Gjin wizigings by Cambuur

15 mrt 2012 - 13:15
  • SC Cambuur

Cambuur spilet yn de útwedstriid freed tsjin FC Eindhoven yn deselde opstelling as moandei tsjin AGOVV Apeldoorn. Charles Dissels is noch altyd blesseard en dat jildt ek foar Erik Bakker en Sandor van der Heide.
Cambuur hat de lêste trije wedstriden wûn. Op de training fan tongersdei wie der in lytse aksje fan sa'n 40 Cambuur supporters dy't de spilers foar dy prestaasje betanken. De spilers reagearden mei applaus. Trainer Alfons Arts is optimistysk oer de wedstriid tsjin FC Eindhoven: "We gaan niet inzakken, maar ons eigen spel spelen."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)