Mear omtinken foar stinzeflora

15 apr 2005 - 15:17

De stinzeflora moat wer in begryp wurde yn Fryslân. Mei dat doel is freed it projekt Stinzeflora fan Lânskipsbehear Fryslân úteinset. De stinzeplanten binne eartiids út súdlike lannen nei Fryslân helle troch de bewenners fan de stinzen en staten.

In soad fan dy planten besteane noch altiten, by de stinzen. Dat komt troch it spesjale karakter fan dy stinzetunen. Der komt no mear omtinken foar de planten troch dit projekt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)