Kristlike frou motyf foar moard

15 apr 2005 - 13:30

Earwraak hat nei alle gedachten it motyf west foar de moard op in Irakees (40) út Aldeboarn. De man waard begjin jannewaris thús troch syn broer (47) fermoarde omdat hy in relaasje hie mei in kristlike frou.

De man hat de moard bekend. Op de dei fan de moard naam hy syn twa bern mei nei Aldeboarn. Dêr bûn hy syn broer fêst, mishannele en smoarde him. No tiisdei behannelt de rjochtbank yn Ljouwert de saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)