CDA komt op foar skûtsjes

© Omrop Fryslân
De Twadde-Keamerfraksje fan it CDA wol dat de strange easken foar de stabiliteit fan skûtsjes skrast wurde. Yn in nije wet binne dy easken oanpast om omslaan foar te kommen. Neffens it CDA hâlde dy regels gjin rekken mei de wize wêrop't mei skûtsjes syld wurdt. Dêrneist binne de regels ek yn striid mei it belied om minsken net mear lestich te fallen mei ûnsinnige regels. It CDA wol dat de regels oanpast of skrast wurde.