Icepick iepenet Wâldrock

15 apr 2005 - 10:12

It hardcore kwintet Icepick út 'e Wâlden sil op 4 juny it Wâldrockfestival yn Burgum iepenje. Wâldrock wurdt alle jierren tradisjoneel troch in Fryske band iepene. Icepick bestiet al sûnt 1999.

Oare bands op it Wâldrock-programma fan dit jier binne Megadeth, Dimmu Borgir, DIO, Metal Church, Accept, Soilwork, Life of Agony, Meshuggah, Black Label Society, Strapping Young Lad, Entombed, Mastodon en Epica.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)