London Mode: gjin Lonsdale mear

© Omrop Fryslân
De Snitser winkelketen London Mode hâldt op mei de ferkeap fan it merk Lonsdale. De keten wol net langer assosjearre wurde mei it merk, omdat it faak droegen wurdt troch rjochts-ekstremisten. London Mode hat winkels yn Drachten en Snits en op acht oare plakken yn it lân. Om fan it rjochts-ekstremistysk imago ôf te kommen, giet de Lonsdale-klean by London Mode yn de útferkeap. Der wurdt dêrnei gjin nije mear fan ynkocht.