Frysktalige EU-grûnwet online

14 apr 2005 - 15:10

Op de webside fan de provinsje Fryslân stiet fan woensdei ôf in Fryske gearfetting fan de grûnwet foar Europa. De ynformaasje út dy gearfetting kin minsken helpe om in kar te meitsjen by it referendum oer de Europeeske grûnwet op 1 juny. Op 23 april krijt elkenien in gearfetting fan de grûnwet yn it Nederlânsk thússtjoerd.

De provinsje hat de oersetting nei it Frysk sels betelle, mar hopet noch wol op in subsydzje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)