Ferloskundige-praktyk yn Stiens

14 apr 2005 - 11:55

De Friesland Zorgverzekeraar iepenet yn juny in ferloskundige-praktyk yn Stiens. Ek wurdt ûndersocht oft der yn Burgum en Surhústerfean in praktyk komme kin. De soarchfersekerder wol mei de útwreiding fan it tal praktiken de kreamsoarch ticht by hûs hâlde en dat foar in goeie priis.

De Friesland skoart lanlik sjoen goed as it giet om kreamsoarch. Dat docht bliken út in ûndersyk fan it College Toezicht Zorgverzekering (CTZ).

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)