Dolfijn it Amelân is bysûnder

14 apr 2005 - 10:46

De dolfijn dy't tiisdei oanspielde op it Amelân is fan in soart dy't noch net earder yn de Noardsee sjoen is. Dat hat bliken dien by de seksje. It bist is sa bysûnder dat der noch gjin Nederlânse namme foar is. Wol is dúdlik dat it om in fersy fan de spitssnuitdolfijn giet.

Bysûnder is ek dat der in foetus út it bist helle is, dy sil op sterk wetter set wurde. It bist sels giet foar ûndersyk nei it natuermuseum yn Leiden. Dêrnei wurdt it skelet preparearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)