Ultimatum foar Nuon en Essent

13 apr 2005 - 10:58

It fakbûn FNV wol Nuon en Essent foar de rjochter slepe fanwege de hege beleanings fan topmanlju. As de beide enerzjybedriuwen oer twa wike net om lyk binne, komt der in rjochtsaak. De provinsje Fryslân is ien fan de oandielhâlders fan Nuon.

Premier Balkenende pleite der moandei yn Frjentsjer ek al foar de hege leanen stop te setten. NUON-topman Van Halderen krijt acht ton, Essent-topman Boersma sels noch mear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)