Kollumersweachster fermist

© Omrop Fryslân
Sûnt twa wike wurdt Pieter Dykstra (38) út Kollumersweach fermist. Hy is op 29 maart om fiif oere ôfset yn in pearse Mercedes mei kenteken 26-GB-DT. Hy soe nei München yn Dútslân ta om saken te dwaan yn de autohannel.
Dykstra is 1.92 meter lang en oan de foarse kant. Op de dei fan syn fermissing hie er in donkerblauwe spikerbroek, swart boesgroentsje en in brún learen jek oan. Tsjûgen kinne belje mei de plysje op 0900-88 44.