De Lemmer pakt drugoerlêst oan

© Omrop Fryslân
De plysje sil drugsoerlêst op De Lemmer oanpakke. Op fiif ferskate plakken yn it doarp wurdt deald en brûkt. De kommende moannen sil de plysje dêr yntensyf kontrolearje. Reden dêrfoar binne klachten fan ferûntrêste âlden. Dy fine dat der te folle speed, xtc, wyt en kokaine ferhannele en brûkt wurdt.
De gemeente Lemsterlân hat de oerlêst fêststeld en sil no mei in plan fan oanpak komme.