Baas boppe Baas bliuwt sukses

12 apr 2005 - 15:14

De Fryske dramasearje Baas boppe Baas is ek yn Oerisel tige populêr. De regionale omrop RTV Oost hat de earste searje fan Baas boppe Baas útstjoerd. En dêr is krekt as yn Fryslân goed nei sjoen. Nei de ôfleverings seagen rûchwei 100.000 minsken.

De omrop hat fanwege it sukses ek de twadde searje fan de Fryske soap oankocht. Dizze ôfleverings, mei Nederlânsktalige ûndertitels, sille fan juny ôf te sjen wêze yn Oerisel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)