Premier wol oanpak topynkommens

© Omrop Fryslân
It moat dien wêze mei de topmanagers dy't harsels hieltyd mear salaris jouwe. Dat sei premier Jan Peter Balkenende moandeitejûn op in CDA-partijgearkomste yn Frjentsjer.
Topbestjoerders moatte it goede foarbyld jaan as ôfpraat is dat de leanen net te bot omheech moatte. It giet de premier te fier om topmanagers persoanlik oan te sprekken op harren ferantwurdlikens. De PvdA is hjir foarstanner fan.