Projektyl bliuwt mystearje

12 apr 2005 - 06:24

It mystearje fan de frjemde bout is noch hieltyd net oplost. By de famylje Sennema oan de Pr. Christinastrjitte op 'e Jouwer wie in tsien sintimeter lange bout, fan mear as 300 gram, yn 't dak klapt.

Ut ûndersyk fan de Luchtvaartpolitie docht bliken dat it net in bout fan in fleantúch of in helikopter wêze kin. Ek kin er net fan in luchtballon wêze. Sennema hat moandei oanjefte dien, mar wêrfan krekt is noch net hielendal wis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)