Rock 'n rollmuseum slút doarren

12 apr 2005 - 06:24

It rock 'n rollmuseum yn Arum is ticht. Eigner Theo Asbach hie syn nocht en hat de gebouwen al ferkocht. Hy siket nei in nije lokaasje foar syn grutte rock 'n' rollsamling.

It museum waard yn 1997 yn Arum iepene. Mei elkoar ha alle jierren tûzenen minsken de kolleksje fan Asbach besjoen. It museum wie snein oar it lêst iepen. Wêr't it nije museum komme sil, is noch net bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)