Asbest by brân yn loads Ljouwert

© Omrop Fryslân
By in koarte, mar fûle brân yn de wyk Achter de Hoven yn Ljouwert is in âlde loads yn 'e jiske lein. Dêrby is asbest frijkaam. De loads stie oan 'e râne fan de wyk en de reek gong amper oer de wenhûzen hinne. Dochs is de bewenners fan sân of acht hûzen frege om ruten en duorren ticht te hâlden.
Ek meie de minsken foarearst net yn harren achtertún komme. It gebied is no ôfset. Oer de oarsaak is offisjeel neat bekend, mar de brân kin oanstutsen wêze.