Drok en slagge museumwykein

11 apr 2005 - 15:33

Hast 26.000 besikers hiene de Fryske musea dit wykein te ferwurkjen. Safolle minsken kamen op it museumwykein ôf. Dêrmei wie it ien fan de drokste museumwykeinen fan de lêste tsien jier.

Benammen de musea yn Ljouwert skoarden goed. It Natuermuseum, dat nei in ferbouwing fan twa jier krekt wer iepene is, wie de grutste publykslûker. Musea dy't wat ekstra aktiviteiten organisearren, krigen de measte besikers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)