Pijper wint langbaanrace Roden

© Omrop Fryslân
Theo Pijper fan Rinsumageast wûn snein yn Roden in ynternasjonale wedstriid. Pijper wie oppermachtich, want hy wûn alle heats en de finale. Gelyk nei de wedstriid gie Pijper wer werom nei Skotlân, dêr't er it grutste part fan it jier wennet. De race yn Roden wie Pijper syn tredde race yn trije dagen. It tredde plak gie nei Dirk Fabriek fan Jobbegea.
By de shorttrackers wie der in folslein Frysk poadium.