VV Snits promovearret

© Omrop Fryslân
VV Snits is kampioen wurden yn de earste klasse F. Snits moat noch fiif wedstriden spylje, mar hat it kampioenskip al yn 'e bûse. De fuotbalploech promovearret no nei de haadklasse C. Luitzen Brink en Age Hains Boersma makken snein yn de wedstriid tsjin SVBO út Emmen de goals. Snits wûn mei 0-2.
Haadklasser De Jouwer spile sneintemiddei út tsjin Hoogeveen. Dy wedstriid einige yn 1-0 foar Hoogeveen.