Jonges goaie guod nei trein

11 apr 2005 - 10:17

Yn Snits hat de plysje fan sneon op snein, koart nei tolven, twa jonges út Snits oanhâlden foar it goaien fan allerhanne guod nei in foarby ridende trein. Neidat se dat dien hiene, naaiden se út. Doe't in tsjûge de jongens oanspruts op harren gedrach, drigen se de tsjûge yninoar te slaan.

De twa Snitsers binne 15 en 19 jier âld. Se hiene in aardige slok op. Der is ek noch in oare jonge (15) út Snits dy't ek by it groepke hearde, oanhâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)