Rút yntrape yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
De plysje yn Ljouwert krige sneintemoarn betiid fan in tsjûge in melding dat in rút by in gebou oan de Foarstreek yntrape waard. Ek krige de plysje in sinjalemint troch fan in fertochte.
Op de Iewâl fûn de plysje de fertochte. It gong om in 21-jierrige ynwenner fan Ljouwert. Hy is oanhâlden. Hy wie ferwûne oan de skonk en moast dêrfoar yn it MCL behannele wurde.