Rûmte bedriuwen by Twellegea

© Omrop Fryslân
By Twellegea en Skearnegoutum moat rûmte wêze foar nije bedriuwen. Dat stiet yn de nije ferzje fan de struktuerfisy fan Snits en Wymbritseradiel foar de kommende fiif jier.
Yn Twellegea giet it om útwreiding fan it bedriuwsterrein Brêgefinne. Yn Skearnegoutum moet plak makke wurde op de Oergongswei. De struktuerfisy fan Snits en Wymbritseradiel is oanpast nei in ynspraakronde oer it rapport.