Buis wetterlieding lek yn Dokkum

10 apr 2005 - 10:16

Hûshâldens yn Dokkum en de doarpen deromhinne hawwe freedtejûn oant in oere as alve sûnder wetter sitten. De oarsaak wie in lek yn de wetterlieding. Dat ûntstie freedtejûn flakby de wettertoer en it busstasjon yn Dokkum. In pear strjitten yn Dokkum moasten in skoftlang ôfsletten wurde om't der wetter oer de dyk streamde.

Tsien meter buis is oer de hiele lingte skuord troch de wurking fan de grûn en de âlderdom. De buis wurdt ferfongen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)