Premjêre Kameleon 2 yn Hoogezand

© Omrop Fryslân
De film Kameleon II giet op 15 juny yn it Grinzer Hoogezand yn premjêre. De film fan de Fryske regisseur Steven de Jong spilet dan yn de nije megabioskoop CineCity dy't yn juny iepengiet. De hiele kast en in pear hûndert genoadigden sille dêrby oanwêzich wêze. Dat meldt it Dagblad van het Noorden.
It is bysûnder dat de premjêre fan in grutte film bûten de Rânestêd hâlden wurdt. De earste Kameleon-film gie twa jier lyn yn premjêre yn Amsterdam.