Weening 32e yn Baskelân

© Omrop Fryslân
Pieter Weening is 85e wurden yn de fjirde etappe fan 'e Ronde fan Baskelân fan Gasteiz nei Alsasua. Weening ferspile 15 tellen op winner Alejandro Valverde, dy't de sprint wûn. Yn it klassemint is Aitor Osa de lieder. Weening stiet 32ste op 40 tellen.
Freed is de lêste dei fan 'e Ronde fan Baskelân mei in moarnsetappe nei Aranzazu mei oankomst berchop. Middeis is der in ridlik flakke tiidrit fan 9,3 km yn en om it stedsje Oñati.