'Dancing Butterfly' giet oer

09 apr 2005 - 12:20

It plan om 6000 bern op it feemerkterrein yn Snits allegear flinters skilderje te litten giet net troch. It is de organisaasje net slagge om genôch sponsors te finen. It jild soe nedich wêze om ferve, amers, kwasten en húskes te regeljen.

It plan "Dancing Butterfly" waard medio febrewaris fan dit jier lansearre. Skoallen wiene tige entûsjast. It keunstprojekt soe op 28 april hâlden wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)