FNP/CU: benijd nei útlis Mulder

© Omrop Fryslân
Deputearre Mulder moat tekst en útlis jaan oer de gong fan saken mei it konvenant Fryske taal en kultuer. Dat wolle de steatefraksjes fan de ChristenUnie en de FNP.
Mulder soe sein hawwe dat de fraksjefoarsitters op 'e hichte wiene fan it konvenant, wylst dat net sa wie. Boppedat hat bliken dien dat kommissaris Nijpels it konvenant al ûndertekene hie foar't it yn de steaten behannele waard.