Antwurd op krityk tsjinstauto's

© Omrop Fryslân
De provinsje hâldt moandeitemoarn in parsekonferinsje oer de oankeap fan de fiif tsjinstauto's koartlyn. Deputearre Ton Baas sil yngean op krityske fragen fan de PvdA-steatefraksje. Dy fynt de oanskaf fan de 2 BMW's en 3 Audi's te djoer. De auto's kostje 85.000 euro it stik en dat is mear as dy fan ministers. Dêrneist hat de PvdA der problemen mei dat de auto's by Autoland Van den Brug weikomme. Dat is de âld-wurkjouwer fan deputearre Ploeg.