Akkoart Pieterman en fakbûnen

09 apr 2005 - 10:57

Der is in akkoart berikt tusken de fakbûnen en de direksje fan glêsfabryk Schott Pieterman yn Easterwâlde. Ferline wike freed waard bekind dat it fabryk op 29 july fan dit jier ticht giet. Alle 88 wurknimmers steane op strjitte. Ferline wike rûnen petearen tusken de fakbûnen oer kompensaasje foar de wurknimmers op neat út.

Der waard fan beide kanten drige mei rjochtsaken, mar dy binne no fan de baan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)