Steuring tv-signaal op 'e Gordyk

09 apr 2005 - 10:48

It tv-signaal fan Omrop Fryslân fan kabelbedriuw Essent op 'e Gordyk en omkriten is net hielendal yn 'e oarder. Lûd en byld rinne net hielendal gelyk. Ferskate sjoggers út Opsterlân hawwe hjiroer by Omrop Fryslân klage, mar de omrop kin der net folle oan dwaan.

It probleem sit by it kabelbedriuw. Essent besiket op dit stuit om de steuring sa gau mooglik te ferhelpen. As de ûntfangst jo net nei it sin is, dan kinne je belje nei 0800 - 0340.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)