Seizoen liket oer foar Cambuur

09 apr 2005 - 00:00

Cambuur ferlear freed mei 0-2 fan de nûmer lêst Fortuna Sittard. Beide doelpunten waarden makke troch âld- Cambuurspiler Dirk Jan Derksen. De ploech fan trainer Jan Schulting sit yn in dip. Ut de lêste fjouwer wedstriden helle Cambuur mar ien puntsje.

It ferskil mei de nûmer seis, it plak wat noch rjocht jout op neikompetysje, is yntusken al oprûn nei sân punten. Mei noch seis wedstriden te gean, liket it seizoen foar de Ljouwerters hast oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)