Fiif Berltsumers oanhâlden

08 apr 2005 - 18:50

Mei de oanhâlding fan fiif Berltsumers hat de plysje meardere misdriuwen oplost.

In 22-jierrige man is oppakt omdat er rasistyske leuzen skildere hie op huzen dêr't bûtenlânske wurknimmers wenje. In man (45) is oanhâlden omdat er ynbrutsen hat yn tsientallen bedriuwen yn en om it doarp hinne. Trije manlju tusken de 21 en 27 binne oppakt fanwege fernieling, ynbrekkerij en it stellen, slachtsjen en opiten fan in skiep.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)