DE krijt nije namme

15 mrt 2012 - 12:04

Kofje- en teekonsern Sara Lee ferwiist mei de nije namme nei it jiertal wêryn't it bedriuw op 'e Jouwer begûn. Sara Lee makke woansdei bekend as 'D.E. Master Blenders 1753' fierder te gean. Dat betsjut net dat de nije namme aanst ek op de pakken kofje en tee komt te stean. Dy wurde ek yn 'e takomst ferkocht ûnder de nammen Douwe Egberts en Pickwick.

De namme Sara Lee bliuwt ek bestean. Dy sil benammen yn Amerika te finen wêze op fleisguod.

De skiednis fan Douwe Egberts begjint yn 1753. Egbert Douwes iepent yn dat jier tegearre mei syn frou Akke Thijsses, De Witte Os. Dat is in winkel yn `koloniale waren'. It sil útgroeie ta in wrâldkonsern, hielendal as DE yn 1984 oernaam wurdt troch it Amerikaanske Sara Lee. Dêrmei reitsje de Jouster roots ek hieltyd mear op de achtergrûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)