Jagers krije help fan politisy

08 apr 2005 - 14:21

De jagersferiening fan Gaasterlân krijt freed en sneon help fan politisy by de jierlikse reeëtelling. Oan de hân fan de telling besjocht de jagersferiening hoefolle reeën at der ôfsketten wurde kinne.

Oer dat ôfsjitten wurdt gauris diskusearre yn de polityk. De jagers wolle dêrom sjen litte hoe't se wurkje. Freedtejûn rinne ûnderoaren de fraksjefoarsitters fan de steatefraksjes fan de FNP en D66 mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)