Fertochte fan kopstjit oanhâlden

08 apr 2005 - 14:17

De plysje hat tongersdei de man oppakt dy't fannewike yn Ljouwert in skoalledirekteur mishannele hat. De fertochte is in 20-jierrige man út Ljouwert.

Hy hie de lokaasjedirekteur fan it Comenius College in kopstjit jûn. De man woe ferhaal helje oer it skeel dat syn suske hân hie mei in leraar. De Ljouwerter wurdt fertocht fan mishanneling, bedriging en húsfredebrek.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)