Nije namme foar A7-sône

08 apr 2005 - 14:11

De A7-sône - de ekonomyske sône fan Drachten oant en mei Snits - feroaret fan namme. It wurdt Landstad Friesland. Dat makke Gert van der Wiel fan de A7-wurkgroep 'regionale identiteit' tongersdei bekend by de jierfergadering fan de ûndernimmersferiening fan de gemeente Skarsterlân.

Bureau Marktplan hat de nije namme betocht. De A7-sône giet mei de namme de merk op om nije bedriuwen oant te lûken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)