Bou MFC de Harkema tichterby

08 apr 2005 - 09:59

De bou fan it Edukatyf Kultureel Sintrum Harkema is tichterby kommen. Boargemaster en wethâlders fan Achtkarspelen binne akkoard gien mei de komst fan it multyfunksjonele sintrum.

Diskusjepunt wie de eksploitaasje fan it sintrum. De kosten falle neffens wethâlder Veenstra heger út as de kosten dy't de gemeente kwyt is oan de hjoeddeiske húsfesting fan de eksploitanten. Achtkarspelen hat 2,2 miljoen euro frijmakke foar it sintrum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)