Afghaan saak-Vaatstra toch heard

© Omrop Fryslân
De Afghaan dy't mooglik mear wit oer de moard op Marianne Vaatstra sil dochs meiwurkje oan it ûndersyk nei de saak. De man hat him melden by de plysje yn Londen, dêr't er no wennet.
Earder wegere de Afghaan om heard te wurden troch Fryske resjerzjeurs. Hy is no op dat beslút weromkaam. De man hat yn it AZC yn Kollum wenne. Hy wie earder ek fertochte yn de saak-Vaatstra, mar waard frijpleite troch in DNA-ûndersyk.