Betinking befrijding Appelskea

© Omrop Fryslân
Yn Appelskea is woansdeitemiddei stilstien by de befrijding fan it doarp, sechtich jier lyn. Appelskea wie it earste Fryske doarp dat befrijd waard. Trije fan de befrijders wiene nei 60 jier werom yn it doarp.
De befrijders fan Appelskea wiene gjin Kanadezen of Amerikanen, mar Frânske para-troopers. Dy wiene dropt boppe Drinte, mar guon waaiden ôf en kamen yn Appelskea del. Mei help fan it ferset koene se in strategyske brêge feroverje.