Krityk Speerstra op turnbûn

© Omrop Fryslân
De Koninklijke Nederlandse Gymnastiek Unie moat syn belied feroarje. Dat seit turntrainer Gerard Speerstra fan turnskoalle It Hearrenfean, fan ûnder oaren Epke Zonderland. De KNGU soe in bûnstrainer oanstelle moatte. Fierder fynt er dat der te min jild nei de turnskoallen giet.
Speerstra is benaud dat it manljusteam de Olympyske Spelen net hellet. It bûn en de oare skoallen soene har te folle op yndividuele sporters rjochtsje.