Grut konsert yn sintrum Snits

06 apr 2005 - 17:16

Snits komt yn de Keninginnenacht mei in grut iepenloftkonsert yn de tún fan it stêdhûs. Der wie alle jierren al in konsert op Keninginnedei, mar dit jier woe Snits fanwege it 25-jierrich jubileum fan keningin Beatrix graach wat oars.

Yn de tún sille in soad groepen mei-inoar optrede. It konsert is fan njoggen oant tolve oere jûns en is fergees tagonklik. Der wurde tûzenen besikers ferwachte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)