Omstriden lûdswal oanlein

06 apr 2005 - 17:10

Lang om let is Smellingerlân woansdei úteinset mei it opheechjen fan de lûdswal fan it Drachsterfeartprojekt. Dit wurdt dien mei smoargens fan it stoart. De ôffal wurdt mei ferskate lagen foly, sân en drains ôfsletten om sa foar te kommen dat yn de takomst giftige stoffen frijkomme.

Omwenjenden ha trije jier lang beswier makke tsjin de oanlis, út angst foar de giftige stoffen. De lûdswal wurdt 14 meter heech en 600 meter lang.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)