'Kasino giet nei It Hearrenfean'

06 apr 2005 - 07:02

It Hearrenfean krijt in Holland Casino en Ljouwert net. De direksje fan Holland Casino hat dat neffens betroubere boarnen tiisdei besletten. Dat soe in grutte teloarstelling wêze foar de gemeente Ljouwert dy't alles op alles setten hat om it kasino nei Ljouwert te heljen.

De komst fan it kasino betsjut foar Hearrenfean in soad ekstra publyk en goed 300 nije banen. It kasino krijt faaks in plak by it Abe Lenstra-stadion.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)